Hearrenfean spilet allinnich noch om finansjeel resultaat mar traint "spikerhurd"

Sportklup Hearrenfean Johnny Jansen hat snein nei de wedstriid tsjin NAC Breda wol efkes flink baald. "Ergeren? Nee, dat niet. Maar wel flink gebaald. Het moet wel beter dan dit." Hearrenfean wûn wol fan de nûmer lêst, mar spile in minne wedstriid. It seizoen sit der hast op en de wedstriid fan woansdei tsjin FC Utrecht, de lêste fan it seizoen, giet eins nearne mear om.
© Martin de Jong
Foar sportklup Hearrenfean stiet der eins neat mear op it spul. De play-offs foar Europeesk fuotbal binne net mear helber. Hearrenfean kin noch wol hast in miljoen euro fertsjinje as it ien plak ûnder FC Grins einiget. Dat hat mei telefyzjejild te krijen. Jansen: "Als Groningen verliest, Willem II wint fan ADO Den Haach en wij winnen van Groningen, dan halen we dat."

Jansen baalt fan wedstriid tsjin NAC

Ofrûne snein wûn Hearrenfean mei 2-1 fan NAC Breda, mar it spul wie net goed. En dat wylst der eins neat mear op it spul stie. "Ergeren vind ik een groot woord, maar ik heb wel gebaald. Het tempo was te laag en als we dan eens de bal naar voren spelen, zijn we veel te slordig. Dan lijkt het al snel alsof we niet willen, maar dat is het probleem niet."
Neffens Jansen wurdt der, nettsjinsteande dat der neat mear op it spul stiet, spikerhurd traind. "Dat meen ik echt. Je ziet echt dat het er soms vanaf spat. Maar je moet ook niet onderschatten wat het met jongens doet dat ze weg gaan. Er gaan acht jongens weg, waarvan ook veel jongens die hier zijn opgegroeid. Dat doet echt wat met je."
Johnny Jansen
Opstelling: Hahn, Schmidt, Pierie, Hoegh, Woudenberg, Kobayashi, Rienstra, Van Amersfoort, Van Bergen, Lammers en Vlap.
De wedstriid wurdt woansdeitejûn live útstjoerd op Omrop Fryslân. De wedstriid begjint om 19.30 oere. Kommentator is Roelof de Vries.