Brok wol Joadske bern werom nei Fryslân helje

14 maaie 2019 - 21:04

De provinsje lûkt seis-en-in-heale ton út foar de fiering fan 75-jier befrijing takom jier. It giet rûchwei om in euro de ynwenner. Mei dat jild moatte projekten finansierd wurde wêryn't stilstien wurdt by dy fiering.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"It moaiste soe wêze as der gewoan inisjativen komme út de mienksip fan Fryslân sels, dy't wy dan stypje kinne," sa seit Kommissaris fan de Kening Arno Brok. "It leafst projekten dy't allinne yn Fryslân plakfine kinne."

Brok doelt dêrmei op ferhalen lykas de oerfal op finzenis de Blokhuspoarte yn Ljouwert, of it boek De Joadske brulloft fan Auke Zeldenrust. Beide binne neffens Brok projekten dêr't wat ekstra's mei dien wurde kin, mar ek in fiering op de lêste gemeente fan Nederlân dy't befrijd waard: Skiermûntseach, heart ta de mooglikheden.

It moaiste is as wy ferhalen oerbringe kinne.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

Ferhalen werom nei Fryslân

Yn de oarloch hawwe in soad Joadske bern ûnderdûkt west op plakken yn Fryslân. Dy bern fan doe soe Brok werom helje wolle nei Fryslân om harren ferhaal hjir te fertellen.

"Ik wit noch doe't ik sels lyts wie en op skoalle siet as der dan ien yn de klasse kaam te fertellen oer it ferset en oer de oarloch, ja dat bliuwt hingjen."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

Brok wol oarlochsferhalen werom nei Fryslân helje
Trefwurden: 
Arno Brok WOII befrijiing
(advertinsje)