Grutte útslaande brân yn restaurant by Lauwerseach

Yn in restaurant yn Lauwerseach is tiisdeitejûn in grutte brân útbrutsen. Der binne meardere brânwachtkorpsen út Fryslân en Grinslân oproppen. Neffens de brânwacht binne der gjin persoanen mear yn it gebou oanwêzich. It giet om it restaurant Waddengenot aan Zee.
Grutte útslaande brân yn restaurant by Lauwerseach
De brân soarget foar in soad oerlêst foar de direkte omjouwing. Sa is de N361 tusken Anjum en Lauwerseach ôfsluten fanwege de reek.
De reek fan de brân is yn de fiere omkriten te sjen. Bygelyks fan de boat nei Skiermûntseach ôf, mar ek yn Ljouwert binne reekwolken te sjen oan de hoarizon. It is net dúdlik oft der skealike stoffen frijkaam binne by de brân. De brânwacht freget lykwols altyd om út de reek te bliuwen.
© Omrop Fryslân