LIVEBLOG: It Twadde Keamerdebat oer de kontenerramp

14 maaie 2019 - 19:43

De Twadde Keamer praat tiisdeitejûn oer de gefolgen van de kontenerramp begjin jannewaris doe't 342 konteners fan de MSC Zoe yn see bedarren boppe de Waadeilannen. Neffens politisy en bestjoerders is it no tiid foar konkrete aksje. Ferslachjouwer Eva Meesterberends is oanwêzich by it debat, en docht live-ferslach út de Twadde Keamer yn Den Haag wei.

23:03
Ein fan dit liveblog

It debat is ôfsluten. Op 21 maaie wurdt der stimd oer inkele moasjes út dit debat. Woansdei mear hjiroer by de Omrop, op radio, tv en ynternet.

23:01
Undersyk ôfwachtsje

Minister Van Nieuwenhuizen wol yn alle gefallen ôfwachtsje wat der út it ûndersyk komt dat no noch rint. TNO docht ûndersyk nei it mooglik nut fan chippen. Ek it ûndersyk nei de rampnacht en de skea dy't it Waadgebiet oprûn hat, wol de minister ôfwachtsje, foardat se nije maatregelen nimt of ynternasjonaal sjen sil oft de regels oanpast wurde kinne. Se hat betrouwen yn de ôfspraken mei de rederij en de fersekerder.

Ek stiet se net iepen foar mear iepenbierheid fan de frachtbrieven, sels net oan de bergers, want dat lit de Wet Openbaarheid van Bestuur (WOB) neffens har net ta.

22:19
Oanpassing rûte is ynternasjonale saak

Minister Carola Schouten fertelt dat de fiskers dy't belutsen west hawwe by it bergjen fan de rommel, op koarte termyn in ôfspraak hawwe mei de rederij om de skea ôf te hanneljen.

22:17
Oerheid moat rol spylje

Cem Lacin, Twadde Keamerlid foar de SP , wol graach dat de oerheid bergers en oaren dy't holpen hawwe by it opromjen de hân tarikt by it weromkrijen fan de skea. De minister bliuwt derby dat de skea te ferheljen is op MSC en dat de rederij him oant no ta fan de goeie kant sjen litten hat. De minister fertrout MSC dêryn.

21:25
"Alle kosten op MSC ferhelje"

Van Nieuwenhuizen seit dat se har ynsetten bliuwt foar it ferheljen fan de skea op de Mediterranean Shipping Company (MSC). Ek as der oer inkele jierren noch guod fûn wurdt, dat werom te lieden is nei dizze ramp. Oant 18 moanne nei it finen fan de lêste kontener by de hjoeddeistige bergingsaksje sille der kontrôles dien wurde.

21:21
'Survey' rampgebiet wurdt dizze wike ôfmakke

Minister Van Nieuwenhuizen lit witte dat it gebiet yn de Noardsee wêr't de berging plakfûn ûngefear sa grut is as twa kear de provinsje Utrecht. It kontrolearjen fan dat gebiet wurdt dizze wike ôfmakke.

21:17
Unfoldwaande ynformaasje op ladinglisten

De minister jout oan dat it in wichtich part is fan alle ûndersiken oft ladinglisten wol folslein binne. De fraach dy't ferskate keamerleden stelle, is oft helpynstânsjes wol goed witte wat se dwaan moatte as der op in frachtbrief neat oars stiet as 'chemical products'.

21:11
Belutsen partijen witte wól wat der yn de konteners siet

Minister Van Nieuwenhuizen hellet de bekendmakking fan de ynhâld fan de konteners oan: "Natuurlijk weten hulpverleners zoals Veiligheidsregio en Kustwacht wél wat er in de containers zat." Dat is dus wiidweidigere ynformaasje as de ynformaasje dy't ôfrûne wykein nei bûten kaam op fersyk fan Omrop Fryslân en RTV Noord.

20:40
Pauze

Nei de pauze sille sawol Carola Schouten, minister fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit, en Cora van Nieuwenhuizen, minister van Infrastructuur en Waterstaat antwurd jaan op de fragen fan de keamerleden.

20:31
Bestjoerlike spagetty  

Moorlag (PvdA) freget kritysk oan de minister wêrom't der wól in plan is foar oaljerampen, mar net foar rampen mei konteners. Hy neamt alle organisaasjes dy't belutsen wiene by it ôfhanneljen fan de ramp 'bestjoerlike spagetty'. It moat dúdliker.

20:28
Partijen binne it in soad mei-inoar iens

Yn de fragen fan de Keamerleden sitte oant no ta in soad oerienkomsten. Hast elkenien hat yn positive sin omtinken foar de frijwilligers en de helptsjinsten, dy't har dwaande hâlden hawwe mei de ramp. Ek sizze hast alle sprekkers dat se mear regels wolle om it Waadgebiet te beskermjen. Hjiryn komt faak in fargeul nei foaren dy't in stik fierderop leit. Ek it chippen fan konteners en mear tafersjoch en regels foar it laden fan skippen komme ter sprake.

20:27
'Behannelje kontenerramp as oaljeramp'

Kröger (GroenLinks) trunet oan op in nij protokol foar rampen mei kontenerskippen. Sa soe der flugger en better hannele wurde moatte.

20:10
CDA wol dat de ynhâld fan konteners flugger bekendmakke wurdt

Maurits von Martels (CDA) is derfan skrokken dat it wiken duorre hat foar't dúdlik wie hoefolle konteners der ferlern wiene. Ek wol hy dat kontenerskippen in noardlikere rûte farre.

19:54
Undjipe fargeul net mear brûke foar grutte kontenerskippen

Frank Wassenberg fan de Partij voor de Dieren ûnderbrekt en freget oft Rutger Schonis ek wol dat de kontenerskippen net mear yn de súdlikste fargeul fare meie. Schonis wol it ûndersyk dêrnei noch ôfwachtsje.

19:51
D66 wol Waddenautoriteit

D66 fynt dat rampen mei kontenerskippen krekt like skealik wêze kinne as rampen mei oaljetankers. Rutger Schonis, keamerlid foar dy partij, freget de minister om it oprjochtsjen fan in Waddenautoriteit en it digitaal meitsjen fan frachtbrieven. Sa kin yn it gefal van in ramp flugger en better hannele wurde.

19:47
Der moatte strangere regels komme yn havens

De ynspeksje krijt net genôch tiid om goed te kontrolearjen en der binne mooglik strangere regels nedich yn havens. Op dit stuit wurde de kantsjes der ôf rûn, seit keamerlid Kröger (GrienLinks).

19:34
Stuntbulktransport moat fierder fan de kust

Frank Wassenberg fan de Partij voor de Dieren freget de minister om stranger te kontrolearjen op kontenerferfier. Ek wol hy dat kontenerskippen fierder fan de Waadeilannen farre moatte.

19:33
Debat begjint letter

It debat begjint wat letter yn ferbân mei in diner-pauze. Nei ferwachting om healwei achten.

(advertinsje)