Acht jier duorjende metamorfoaze foar de Fryske wetterkant

Dea gewaaks en bisten dy't net mear út it wetter komme kinne. De wetterkanten yn Fryslân kinne folle natuerfreonliker, sa fynt it Wetterskip. Dêrom binne sy úteinset mei de oanlis fan natuerfreonlikere wetterkanten yn de Engelenvaart by It Hearrenfean. Foar 2027 moatte de wetterkanten yn hiel Fryslân te finen wêze.
© Omrop Fryslân
"Er is een groot onderscheid in het type oevers. De typen die er nu liggen zijn wel gemaakt van natuurlijke producten, maar zijn onnatuurlijk in de overgang van land en water", sa stelt Jan Sipma, projektlieder fan Wetterskip Fryslân. "Dat verschil moet flauw oplopend worden, zodat planten en gras zich kunnen vestigen op die oevers. We beginnen met ondiep water en richting de kant neemt het verschil af. Zo ontstaat er een samenwerking tussen de natuurlijke elementen als het land en water."
Het verschil tussen kant en water moet flauw oplopend worden, zodat gewassen rustiger kunnen groeier.
Jan Sipma, Wetterskip Fryslân.
© Omrop Fryslân

Peallen foar de kant

Dêrneist soarget de oanlis fan de nije wetterkanten foar mear rêst. "Door scheepvaartbewegingen en als het hard waait wordt het water onrustig en troebel en daar kan niet veel in groeien. Die onstuimigheid willen we voorkomen en we willen er een rustige omgeving creëren." Sa wurdt der op in meter ôfstân fan 'e kant in rige mei peallen delset om de krêft fan it wetter tsjin te gean. "Als we die palen een stukje voor de wal zetten, wordt het water geremd en slaat het gewas niet stuk. Er ontstaat een luwe, rustige ruimte tussen water en land."
Net allinnich gewaaks hat foardiel fan de nije kaaien. "Ook is het voor herten die in het water vallen op deze manier weer makkelijker om de kant weer op te klimmen. Normaliter kunnen dieren moeilijk het water uit komen, maar nu klimmen ze gewoon terug naar het land."
Sipma fan it Wetterskip oan it wurd
Oant 2027 yn hiel Fryslân
"We zijn nu specifiek in de Engelenvaart bezig, maar er worden door de hele provincie heen deze oevers gerealiseerd", sa stelt Sipma. "Dit project in Rotstergaast is in maart vorig jaar begonnen en in mei 2020 hopen we alles in de Engelenvaart klaar te hebben. Daarna willen we het liefste alles in Friesland doen en dit hopen we in 2027 af te hebben."