Powerkolleezje Tresoar: kaperskaarten Skiermûntseach

Der is in hiel soad bekend oer de Fryske skiednis, mar der binne ek in soad histoaryske fragen dy't noch iepen lizze. Bygelyks is Berltsum eins de tolfde stêd fan Fryslân? En binne Friezen no echt de âldste befolking op 'e ierde? Bert Looper behannelet dizze kâlde saken fan de Fryske skiednis, dy't driigje fergetten te wurden. Dizze kear it lêste powerkolleezje: de kaperskaart fan Skiermûntseach. In cold case dy't Tresoar oplost hat.
Powerkolleezje Tresoar: kaperskaarten Skiermûntseach