Oerskot op rekken LF2018 nei provinsje

De stichting LF2018 hâldt 96.000 euro oer op de jierrekken fan 2018. Dat is de útkomst fan de lêste twa rapporten fan Stichting Leeuwarden-Fryslân 2018.
© ANP
It oerskot giet nei de provinsje ta. De ferwachting is dat dat bedrach úteinlik noch heger útfalt. De definitive sifers wurde letter dit jier bekend makke.
It positive resultaat foar 2018 komt ûnder oare troch mear opbringsten fan sponsoaren en fûnsen as begrutte.