Fryske bedriuwen op hannelsmisje nei Sina

14 maaie 2019 - 17:11

In Fryske delegaasje mei fertsjintwurdigers út it bedriuwslibben en de semy-oerheid sil oer in moanne op hannelsmisje nei Sina ta. It giet om yn totaal sa'n fyftjin bedriuwen. De delegaasje wurdt laat troch deputearre Klaas Kielstra.

Chengdu - Foto: Pexels / Charlie Gai

De delegaasje bringt in besite oan de stêden Chengdu en Harbin. Ek sille se nei de provinsjes Sichuan en Heilongjiang. Fryslân hat mei dy twa provinsjes al langere tiid freonskiplike en ekonomyske bannen.

De provinsje wiist de bedriuwen derop dat se rekken hâlde moatte mei de feiligens op ynternet yn Sina.

De misje duorret fan 15 oant en mei 23 juny.

Trefwurden: 
Sina handelsmissy
(advertinsje)
(advertinsje)