De Rouwe oer tweet: "DNA ôfstean is gjin automatysk gegeven"

14 maaie 2019 - 16:49

Is ien dy't feroardield is troch de rjochter in krimineel? Net altyd, fynt deputearre Sander de Rouwe. Yn in tweet moandei oer in útspraak fan de rjochtbank yn Ljouwert stelde hy dat hy bliid is dat twa blokkearfriezen gjin DNA ôf hoege te stean.

Sander de Rouwe - Foto: Omrop Fryslân

Ek al binne sy feroardiele, it binne neffens him gjin kriminelen. In opfallende tweet foar in politikus. De fraach oan De Rouwe: wat bedoelde hy no krekt? "It giet hjir om twa dingen: der hat in oertrêding west, en dêr binne se foar feroardiele", sa fertelt er.

"Net oan 'e oarder"

"Der is in wet út de Twadde Keamer dy't seit: yn in tal gefallen kin it sa wêze dat der DNA ôfstien wurde moat. No sizze se: dat is hjir net fan tapassing. Ik fyn dat hiel goed. De feiten dy't dêrfoar nedich binne, bygelyks residive of opspoaring yn 'e takomst, binne hjir net oan 'e oarder."

Neffens de politikus giet it yn dit gefal om in lichte oertrêding. "It is dan gjin automatysk gegeven dat ien dan ek fuortendaliks DNA ôfstean moat. Dat is yn dit gefal mar goed ek."

Sander de Rouwe

(advertinsje)
(advertinsje)