Grientetunen ferbine jong en âld yn Aldegea

Op inisjatyf fan de learlingeried fan basisskoalle De Diamant yn Aldegea (Sm.) wurde der tsientallen grientetúntsjes oanlein by âldereinkompleks it Jonkersstee. Doel is dat der mear ferbining komt tusken jonge en âlde minsken yn it doarp. Learlingen fan de basisskoalle en de bewenners fan It Jonkersstee sille de tunen ûnderhâlde.
grientetún Aldegea
It idee foar de grientetún spile al in skoft by de âlderein fan it Jonkersstee. De learlingeried woe der graach mei-inoar in projekt fan meitsje, nei in priisfraach troch it PCBO-ûnderwiis yn Smellingerlân. Mei it winnen fan de priisfraach kaam der 5.000 euro beskikber, dêr't bakken, grûn en plantsjes fan kocht binne.

Iepening

Tiisdeitemoarn waard de grientetún feestlik iepene troch boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân, wêrnei't de bern fan de basisskoalle alle plantsjes yn de grûn set ha. No moatte de bern en de âlderein de planten wetter jaan en soargje dat alles goed groeie bliuwt. Sadree't der wat rispe wurde kin, ite de jongerein en âlderein dat tegearre op.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma