Keunstner Hans Jouta úteinset mei stânbyld foar Van der Weijden

14 maaie 2019 - 16:22

Keunstner Hans Jouta is úteinset mei it stânbyld foar Maarten van der Weijden yn Burdaard. It keunstwurk moat de striid en it trochsettingsfermogen fan de kankerpasjint útbyldzje, krekt as de stipe fan de neisten.

Foto: Jenno Terpstra

It keunstwurk komt yn de haven fan Burdaard, op it plak dêr't Van der Weijden ferline jier syn Alvestêdeswimtocht stake moast.

It idee foar in keunstwurk komt by fiif Burdaarders wei, nei de swimtocht fan Van der Weijden. Der waard in crowdfundingsaksje op tou set, mar dy koe nei trije dagen stilset wurde, doe't Jouta oanbea om fergees in monumint te meitsjen foar de striid tsjin kanker. In lokaal bedriuw sil it boppedat ek fergees pleatse.

Jouta is yntusken dus úteinset mei it meitsjen derfan. "De grutte hannen fan Maarten mei dy fan ús yn it wetter", seit Jouta. "Mei-inoar foar de takomst!"

De bedoeling is om it stânbyld op 15 juny te ûntbleatsjen. Dat is in wike foar de nije poging fan Van der Weijden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)