Gemeente Ljouwert past plannen foar nij buorskip Unia oan

14 maaie 2019 - 15:59

It gemeentebestjoer fan Ljouwert wol it stêdeboukundich plan foar it buorskip Unia yn De Súdlannen oanpasse. Sa wolle se temjitte komme oan de winsken fan omwenners. De nije plannen kostje ien miljoen euro ekstra. De gemeenteried moat noch wol stimme oer de plannen.

Foto: www.dezuidlanden.nl

Begjin 2019 hie it kolleezje al in plan. Belanghawwers lieten ein febrewaris witte beswieren te hawwen. Ut petearen mei de partijen binne oanpassingen nei foaren kaam. Ien fan de oanpassingen is dat de bebouwing fan de Trijehoeke ferfalt.

Ek komt der mear romte tusken de wenarken en it buorskip Unia. Dêrnjonken woe in grut diel fan de omwenners dat de wettergong ûnderdel fia de Wurdumerfeart lâns de rykswei rint. Ek dat wurdt meinommen yn de plannen.

Ein maaie beslút

Takom wike tongersdei krije omwenners, oare belanghawwers en nijsgjirrigen ynformaasje oer it oanpaste stêdeboukundich plan. De ferwachting is dat de gemeenteried ein maaie praat oer de plannen en in beslút nimt.

Yn it nije buorskip Unia komme wenten oan it wetter, by in park en yn in hôf. "Daarmee voorzien we in de woningbehoefte van de gemeente Leeuwarden", seit wethâlder Hein de Haan. Hy neamt it in 'practich plan' yn in omjouwing mei in protte wetter en grien.

(advertinsje)
(advertinsje)