Snitser bedriuw giet foar Gouden Straatsteen

10 nov 2011 - 14:04
Foto: Omrop Fryslân

Strjitlisbedriuw Nota yn Snits wurdt tongersdei beoardiele troch de sjuery fan de Gouden Straatsteen. De lanlike priis is foar it bedriuw dat it bêste masinaal strjitstiennen leit. Nota is nominearre. Yn 2009 hat it bedriuw de priis alris wûn.

Neffens de direkteur fan Nota soarget masinaal strjitlizzen foar bettere arbeidsomstannichheden. It bedriuw seit boppedat in motivearder team en mear opdrachten te hawwen. Op 8 desimber wurdt de winner bekend makke.

Trefwurden: 
Nota Gouden Straatsteen
(Advertinsje)
(Advertinsje)