Haadrolspiler Plantinga: "Titus is de moaiste rol dy't ik ea spile haw"

14 maaie 2019 - 15:30

Fiif jier nei 'Bonifatius de Musical' is de Bonifatiuskapel yn Dokkum opnij it toaniel foar in bysûndere foarstelling. Dit kear oer de pater Titus Brandsma. Wat in soad minsken net witte is dat Titus him hurd makke hat foar de komst fan de Bonifatiuskapel. In moai plak dus om it libbensferhaal fan de pater sjen te litten.

Theun Plantinga spilet Titus. "It is de moaiste rol dy't ik ea spile haw", sa seit hy. Gewoanwei spilet hy yn de komedy-hoeke of ekspressive rollen, dit is wer hiel wat oars. Hy hat him hielendal ferdjippe yn Titus. "Ik haw in soad oer him lêzen en ha nei it Titus Brandsmamuseum west."

Ek syn eigen ûnderfiningen helpe him by it goed delsetten fan syn rol. "Titus seach God in oare minsken. Ik haw dit keppele oan myn eigen mem, dy't trije jier lyn ferstoarn is. Hoe't ik har noch hieltyd hearre kin as ik fragen haw, djip fan binnen jout se my antwurden."

Foto: ANP Foto

It muzykstik fertelt it libbensferhaal fan Titus, mar hat ek in boadskip. Neffens regisseur Bruun Kuijt seach Titus yn elk minske God en wie hy dêrom iepen en sûnder oardiel oer oaren.

"Wij zijn erg verhard en staan al snel met een oordeel klaar over andere mensen. We zijn niet meer in staat om het verhaal achter ieder mens te zien." Neffens Kuijt slagge Titus dat wol.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy seach by de repetysje

(advertinsje)
(advertinsje)