'Identyk spyljende' follybalsusters Jasper beide yn oranje

Foar it earst binne se beide oproppen foar oranje: de follybalfroulju Marrit Jasper en Hester Jasper. Foar dy lêste is dat foar it earst. Bûnscoach Jamie Morrison fynt it tiid dat jongere spilers nije wike in kâns krije, wannear't de oranjefroulju yn Servië begjinne oan harren Nations League-kampanje.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Marrit Jasper hat nei eigen sizzen in suksesfol seizoen efter de rêch by har Dútske klup Aken. Foar har suske Hester is dat net oars. Se wie in skoftlang ien fan de wichtichste spilers fan har klup VC Snits mar makke koartlyn dúdlik dat se fan takom seizoen ôf útkomt foar it Dútske Suhl, in âlde ploech fan sus Marrit.
Bûnscoach Jamie Morrison sei op in spesjale parsegearkomste op topsportsintrum Papendal dat er in "little chance" bestiet dat de beide suskes nije wike tegearre spylje sille yn oranje. Ek liet er witte dat hy "never ever" twa suskes sjoen hat dy't sa identyk follybalje.