HEA! It earste Frysk kampioenskip sjipkistracen yn Ferwert
Yn Ferwert betinkt in ploech maten elk jier wer wat aardichs om te organisearjen yn it doarp. Foarich jier wie it in poolparty en dit jier moast it grutter en gekker. Dit jier is dat wer tige goed slagge. Yn it sintrum fan Ferwert wurdt foar de alderearste kear it Frysk kampioenskip sjipkistracen hâlden.