'Berôvjen pizzabesoarger Kollum wie dronkemansaksje'

14 maaie 2019 - 14:48

Twa Kollumers binne feroardiele ta wurkstraffen fan santich oeren, omdat se in pizzabesoarger berôve hiene. De rjochter fûn dat net bewiisd wurde koe dat der sprake wie fan in wapene oerfal. Neffens him wie it earder in 'dronkemansaksje'.

Foto: ANP

Yn de nacht fan 17 septimber ferline jier hie it duo, mei de broer (17) fan de 18-jierrige, pizza's stellen fan in Ljouwerter besoarger. Op it stuit dat de besoarger de pizza's oerlange, draafden de trije fuort. De besoarger hie de plysje ferteld dat it om in wapene oerfal gie, mar de rjochter seach dêr gjin bewiis foar.

De saak fan de 17-jierrige waard achter sletten doarren behannele troch de bernerjochter.

Yn Wergea wol mei pistoal

De besoarger krige twa moannen letter wol in pistoal ûnder de noas doe't er yn Wergea pizza's besoargje wie. Doe moast er net allinnich de pizza's ôfstean, mar ek syn auto.

(advertinsje)