Fryske Meat the Victims-wurdfierder: "Bijzonder laf van Partij voor de Dieren"

14 maaie 2019 - 14:25

De Fryske wurdfierder fan Meat the Victims baalt derfan dat de Partij voor de Dieren ôfstân nimt fan de aksje moandei yn Boxtel. In groep fan goed hûndert diere-aktivisten út binnen- en bûtenlân besette dêr moandei in bargestâl. De plysje hold tsientallen fan harren oan.

Foto: ANP

Dat krige dus net de stipe fan de Partij van de Dieren en dat fynt wurdfierder Jonathan Loogman út Hurdegryp 'bysûnder laf'. Loogman seit dat de politike partij just foar dizze aksje wêze moast, as se echt opkomme soene foar de rjochten fan dieren.

"Ik had het wel verwacht, omdat ze heel politiek correct moeten blijven. Maar ik denk dat acties zoals die van ons wel nodig zijn om echt iets te veranderen. Als je naar de geschiedenis kijkt, zie je dat acties van burgerlijke ongehoorzaamheid altijd voor verandering heeft gezorgd."

Mar Loogman fynt de aksje wol slagge: "We hebben heel veel media-aandacht gekregen en heel veel mensen bereikt", seit er. "We hebben de onderdrukking van de dieren aan de kaak gesteld. We willen dat mensen gaan nadenken of het normaal is hoe we dieren behandelen in onze maatschappij. Ik denk dat deze actie mensen zeker aan het denken heeft gezet."

Santich aksjefierders oanholden

Op in bepaald stuit waard de situaasje grimmitich. "De spanning liep op, vooral omdat heel veel boze boeren op ons afkwamen. Ze hebben vier auto's van ons vernield: omgekanteld en banden lek gestoken."

De plysje hold úteinlik dus tsientallen aksjefierders oan. Neffens Loogman giet it yn totaal om sa'n santich persoanen. "Zij zitten nu in een politiebureau, maar ik denk wel dat ze dinsdag nog worden vrijgelaten. Ze zijn aangehouden wegens lokaalvredebreuk."

Ek yn Fryslân?

Loogman seit dat aksjes sa as yn Boxtel net út te sluten binne yn Fryslân: "Overal waar dieren worden uitgebuit, kan men deze acties verwachten."

(advertinsje)
(advertinsje)