Stoflik omskot fûn op bedriuweterrein De Zwette yn Ljouwert

14 maaie 2019 - 13:52

De plysje hat tiisdeitemiddei in stoflik omskot oantroffen op bedriuweterrein De Zwette yn Ljouwert. It lichem soe fûn wêze op de Snekertrekwei. Om wa't it giet en wat de deadsoarsaak is, is net bekend. Letter mear.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Earder tiisdei waard ek al it lichem fan in man oantroffen yn it sintrum fan Ljouwert. De plysje gie der yn earste ynstânsje fan út dat de man ferstoarn wie, mar nei lange reanimaasje waard er dochs noch mei in hertslach nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)