Keunstwurk wrâldferneamde Frank Stella krijt miskien plak oan de Waadseekust

14 maaie 2019 - 12:10

In megagrut keunstwurk fan de wrâldferneamde keunstner Frank Stella komt miskien oan de Waadseekust tusken Harns en Surch te stean. Joop Mulder fan Sense of Place is yn petear mei de gemeenten Harns en Súdwest-Fryslân om te sjen wat de mooglikheden binne. It keunstwurk stiet al skoften op in terrein yn de yndustryhaven fan Harns.

De ferneamde Amerikaanske keunstner Frank Stella hat it ûntwurpen. Al yn 2001 makke hy in begjin mei it wurk, dat bedoeld wie om yn Miami by in stadion pleatst te wurden. Dêrnei soe it yn Cherbourg komme te stean, mar jild wie de spulbrekker.

Plak yn Fryslân?

It soe dêrnei nei de Feriene Steaten om ôfmakke te wurden, mar Joop Mulder fan Sense of Place krige der lucht fan. Hy wol hiel graach dat it keunstwurk in plak yn Fryslân by de Waadkust krijt. Hy is mei de gemeenten Harns en Súdwest-Fryslân yn petear gien en dy binne entûsjast. Neffens wethâlder Hein Kuiken fan Harns fertsjinnet it byld in moai plak. In mooglikheid soe ek noch wêze om it byld by de N31 te pleatsen.

Frank Stella sels fynt it plak oan de Waadsee tige geskikt foar syn keunstwurk. Twa wike lyn wie hy op besite yn Harns en gie er mei Mulder en boargemaster Roel Sluiter fan Harns op lokaasjebesite. Stella fynt Harns in "wonderful" plak en de seedyk dêr't it keunstwurk komme moatte soe, is neffens him in daalders plak.

"It feels very comfortable with the ocean, it is very nice", sa seit keunstner Frank Stella. "I grew up in a place with the water like this in America, Massachusetts."

Stella is wrâldferneamd en in grut keunstner yn de Feriene Steaten. Yn 2009 krige hy út hannen fan de doetiidske presidint Barack Obama de National Medal of Arts. Dat is de heechste ûnderskieding yn Amearika yn de keunstwrâld.

Foto: Simone Scheffer

De kosten binne noch in ding, want it keunstwurk moat in soad jild opbringe. Ek it pleatsen fan it wurk, dat 14 meter heech en 45 ton swier is, betsjut in útdaging, neffens Joop Mulder. Mei it Wetterskip moat noch praat wurde. Der sil lykwols noch in soad ûndersyk dien wurde moatte om te sjen oft it überhaupt mooglik is. Sy binne op 'e hichte brocht fan de plannen troch de gemeente Harns en Joop Mulder. Ek de provinsje wit derfan.

De gemeente Harns is ek entûsjast. Wethâlder Hein Kuiken hopet dat it slagget om in plak foar it keunstwurk 'Broken Jug' te finen. It kolleezje is yn alle gefallen ree om derop yn te setten. De kosten binne wol in saak dêr't nei sjoen wurde moat. It byld fan aluminium moat noch hielendal polyste wurde. Dat soe dan troch in Frysk bedriuw dien wurde kinne.

Utdagingen

Grutte útdaging is it finen fan in goed plak. It keunstwurk is flink swier, wylst de seedyk benammen bedoeld is foar feiligens. Boppedat is it hiel djoer om in fundearring derfoar te meitsjen. De partijen - de provinsje, gemeenten, Sense of Place en it Wetterskip - sille letter dêroer yn petear.

Al mei al stiet alles noch yn de berneskuon, mar as it oan Joop Mulder en de wethâlder leit, sil der alles oan dien wurde om de skulptuer yn Fryslân te hâlden.

(advertinsje)