Fytsalvestêdetocht hellet keap- en ferkeapservice offline fanwegen fraude

Stimpelkaarten foar de Fytsalvestêdetocht kinne net langer ferhannele wurde op de webside fan de stichting. Dat hat it bestjoer besletten op harren gearkomste. Der wurdt hieltyd op 'e nij fraude plege mei de ferkeap fan de kaarten. It giet om tritich gefallen.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Earder waard al warskôge foar fraude op de webside. Ek doe liet de organisaasje witte de service offline te heljen as de problemen oanhâlde soenen. Nettsjinsteande de warskôging wurde der dochs noch altyd minsken beneidiele.
"We hiene earder al oanjûn dat at it oanbliuwen hâlde soe, wy de service út de loft helje soene. Wy wolle ús leaver dwaande hâlde mei oare saken yn de tarieding", seit Stephan Rekker fan de organisaasje fan de Fytsalvestêdetocht.
Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht
It bestjoer fynt de fraude skealik foar it imago fan de stichting. De organisaasje seit it te betreurjen, "maar wij willen niet dat deelnemers die bij ons geregistreerd staan met behulp van onze systemen benadeeld worden."
It soe gean om sa tritich oan fjirtich gefallen fan fraude en om twa of trije dieders. De organisaasje hat al oanjefte dien by de plysje.