UPDATE: Reanimearre man yn Ljouwert yn sikehûs ferstoarn

Yn in appartemintekompleks oan de Nijekade yn Ljouwert waard tiisdeitemoarn in man oantroffen yn in portyk. De plysje krige om 8.45 oere hinne in melding. Yn earste ynstânsje waard tocht dat de man ferstoarn wie.
© Anton Kappers
Nei in lange reanimaasje waard er dochs noch mei in hertslach nei it sikehûs brocht. Dêr is de man yn 'e rin fan tiisdeitemoarn dochs noch ferstoarn.