Riedsgearkomste Weststellingwerf ferrint rumoerich

De gemeenteried fan Weststellingwerf prate moandeitejûn oer de plannen foar it gebiet rûnom de Stienwikerwei yn De Blesse. Dy gearkomste ferrûn lykwols net sûnder stjit of slach. It wurdgebrûk by de gearkomste waard op in bepaald stuit sa heftich dat de boargemaster yngripe moast.
© Lourens Looijenga
De kearn fan it konflikt wie dat de opposysjepartijen woene dat it ynvestearjen fan 3,5 miljoen euro yn de Stienwikerwei net los sjoen wurde moast fan in totaal ferkearsplan. Dat plan is foar dit jier oankundige. De opposysje fynt dat de gefolgen fan de oanpassings yn De Blesse earst yn kaart brocht wurde moatte.
De yrritaasjes rûnen heech op en ferskate partijen beskuldigen inoar derfan te ligen. Nei't boargemaster Van de Nadort de ried frege har te bedimjen, koe de gearkomste wer fierder.