Kollum: "Ik bin it sêd!"

14 maaie 2019 - 08:15

"Fansels binne der wol wichtiger saken om oer te skriuwen. Dy sil ik net opneame, want de dei is noch jong, de kofje moat noch setten wurde en elkoar depresjes oanprate kin altyd noch. Nee, dêr't ik it oer ha wol, binne de giele heskes. Of de oranje heskes. Want it sil Nederlân net wêze, of der is al in rjochtingstriid geande yn de selsferklearre folksopstân. Miskien moat ik 'beweging' sizze. Sa omskriuwe de giele heskes harsels, teminsten. As in folksbeweging.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

It fenomeen is út Frankryk oerwaaien kaam. Dêr begûn it as in protest tsjin de hege benzineprizen. Doe't dat protest almar grutter waard, kamen der ek allerhanne oare saken by, lykas ymmigraasje, wurkgelegenheid, earmoede en it út it strjitbyld ferdwinen fan de Frânske alpinopet, de baret. Yn 't foarop: ik ha in swak foar minsken dy't it yn 'e kant sette, dy't dwers as kramtried binne en in fûst meitsje om ûnrjocht oan 'e kaak te stellen.

Myn sympaty leit by de underdog, om it sa mar te sizzen. Dat doe't de giele heskes ek yn Nederlân de strjitte opgiene, wie ik nijsgjirrich nei wat harren dreau. Lykwols keallen de earste bylden en lûden bot ôf. It hie derfan as stie elts heske dêr foar wat oars. By de iene gie it oer de wenningmerk, by de oare oer hege belêstingen en by in tredden oer klimaatdrammerij. It net definiearre protest like in doelleaze opstân.

In protestbeweging moat dúdlik meitsje wêr't se tsjin protestearje. Dat falt net ta ast as beweging gjin lieders hast. Dus heart men praat oer fiedselbanken, de EU, fallite sikehûzen en in Nexit. Dochs ha ik yn 'e rin fan 'e tiid besocht om der wat konkreets út te heljen. Wat bot spilet is in gefoel fan der net by te hearren, om bûten de maatskippij te fallen. De giele heskes binne apolityk en gean, neffens eigen sizzen, rjocht troch de midden.

Yn wêzen giet it oer de ferdieling fan de wolfeart fan in ryk lân as Nederlân. In legitym stribjen, dat liket op âlderwetsk sosjalisme. Tagelyk wurdt der in protte praat oer de ferdieldheid tusken links en rjochts, en dat soks de skuld fan de regearing is. Alles is de skuld fan de regearing en foaral dy fan Mark Rutte. Rutte moat opdonderje, dan binne alle problemen oplost. Doe't de minister-presidint begjin dit jier op kampanje yn Roermond wie, waard er útskolden troch giele heskes. Rutte gie mei ien fan harren yn petear. It resultaat wie in útnûging fan de premier om in stik of wat wurdfierders, dy't gjin wurdfierders binne, yn it Tuorke te ûntfangen.

Dy besite fûn foarige wike plak. Twa fan de fiif giele heskes woene de min-pres gjin hân jaan. Beide froulju ferklearren dat se gjin respekt foar him hiene. Se seine ek dat se tochten dat it in ferkiezingsstunt fan him wie. Dat se de útnûging yn dat ferbân ek wegerje kinnen hiene, is blykber net yn harren opkaam. Mei sok ûnbeskoft gedrach soargje de heskes der sels foar dat se bûten de maatskippij falle, soargje se sels foar in gruttere ferdieldheid as dy dêr't se tsjin sizze te striden. It is in miste kâns dy't my symptomatysk liket. Se ha harsels foargoed diskwalifisearre. It opheffen fan de ôfdieling Rotterdam, fan 't wykein, is wat dat oangiet yllustratyf."

(advertinsje)
(advertinsje)