Jeugdhulp Fryslân pleatst spandoeken op skoallen Weststellingwerf

14 maaie 2019 - 07:10

In tal fan skoallen yn de gemeente Weststellingwerf hat syn plak beskikber steld foar in spandoek fan Jeugdhulp Fryslân. Dêr stean teksten op as: 'Dagmar wil thuis ook aan iemand vertellen hoe het vandaag was op school' en 'Dinand zoekt een pleegouder die na schooltijd bij dit hek op hem wil wachten'.

Foto: Google Street View

Jeugdhulp Fryslân besiket mei de doeken nije pleechâlden te finen. "It oantal nije oanmeldingen foar pleechâlden rint werom. Dit jier sykje we eins fyftich nije pleechgesinnen, dy't klearstean wolle om bern op te fangen", fertelt Lucille van Oene fan Jeugdhulp. Yn Fryslân binne der neffens Jeugdhulp 850 bern dy't opfang nedich hawwe, mar der binne mar 600 pleechgesinnen beskikber.

"We binne eins altyd op 'e syk nei pleechâlden, want dêr hawwe je nea genôch fan." As der mear pleechgesinnen binne, is der fansels ek in gruttere kâns op in perfekte match foar in bern, sa leit Van Oene út.

Lucille van Oene oer de spandoeke-aksje

Der dogge alve skoallen mei yn Weststellingwerf. "We binne bliid dat dizze skoallen meiwurkje wolle en dat de gemeente it belang sjocht fan it finen fan nije pleechâlden." De spandoeken sille sa'n twa wiken hingje bliuwe.

Minsken dy't it nijsgjirrich fine, kinne har oanmelde foar in ynformaasjejûn. De aksje is ek bedoeld om minsken dy't al wat langer mei it idee omrinne en al ris in oanmeldingspakket oanfrege hawwe, oan te trunen om har oan te melden.

Oer de hiele provinsje

Weststellingwerf is net de earste gemeente dêr't kampanje fierd wurdt. "Foarich jier binne we by Achtkarspelen begûn, dêrnei nei Ljouwert, Opsterlân en Hearrenfean."

(advertinsje)
(advertinsje)