Twadde Keamer-debat oer de kontenerramp: 'tiid foar konkrete aksje'

De Twadde Keamer praat tiisdeitejûn oer de gefolgen van de kontenerramp begjin jannewaris doe't 342 konteners fan de MSC Zoe yn see bedarren boppe de Waadeilannen. Neffens politisy en bestjoerders is it no tiid foar konkrete aksje.
Twadde Keamer-debat oer de kontenerramp: 'tiid foar konkrete aksje'
"De overkoepelende vraag is of deze ramp als een incident wordt beschouwd of dat het een aanleiding is tot structurele wijzigingen", seit GroenLinks keamerlid Suzanne Kröger. Yn de antwurden fan minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oant no ta, sjocht sy dy ambysje no noch net.
Dus liket de bal no foaral by de Twadde Keamer sels te lizzen as it giet om dy strukturele ferbetteringen In moasje dy't in goeie kâns makket is dy fan it CDA. Dêryn wurdt frege om om de ynset fan frijwilligers by it opromjen better oan te stjoeren.
Kröger fan GroenLinks fynt dat der by dit soarte gefallen flugger opskaald wurde moat. "Je moet het net zo behandelen als een olieramp." Ek moat de ynset fan fiskers better regele wurde sadat sy flugger ynsetten wurde kinne om foar te kommen dat de troep oanspield.
In kontenerskip boppe Skylge. © Omrop Fryslân, Remco de Vries
As it om it opromjen giet, hat Nederlân behoarlik wat foech. Al bliuwe in soad partijen yn de Twadde Keamer ferbjustere oer it feit dat de details oer wat der krekt yn de konteners siet, mar net bekend makke wurde. "Schandalig", fynt Frank Wassenberg van de Partij voor de Dieren. Ek GroenLinks en it CDA wolle mear iepenheid.
Fan de Waadeilannen ôf wurdt al jierren lang frege om it risiko op it oanspielen fan konteners en lading te beheinen troch grutte kontenerskippen net mear op de farrûte boppe de eilannen ta te litten.

It Waad better beskermje

Wassenberg (Partij voor de Dieren) is hjir dúdlik oer: "Het Wad moet beter worden beschermd tegen dit soort bulktransporten. Het hele systeem is verkeerd." CDA'er Maurits von Martels fynt dat de kustwacht in taak hat om djipstekkende kontenerskippen nei in oare, djippere, rûte te stjoeren by min waar.
Körger (GroenLinks) freget har wol ôf oft in oare rûte yn alle gefallen it probleem oplost. As it fierder op see mis giet, duorret it allinnich langer foardat der guod oanspield en it gebiet wêr't dat bart, wurdt grutter.
© Anton Kappers
It beheinen fan de risiko's fan it grutskalige kontenertransport is ek foaral in saak fan ynternasjonale ôfspraken. Dat jildt ek foar it foarstel fan regearingspartij D66, dy't wol dat Nederlân ynset op in ynternasjonaal ferbod op pypskom by transport oer see. "Piepschuim is bijna niet op te ruimen wanneer het eenmaal in het water ligt", sa lit in wurdfierder witte. GroenLinks wol plestik kerrels as gefaarlike stof klassifisearje.

'Chippen'

D66 set lykas it CDA ek yn op it 'chippen' fan konteners sadat sy better werom te finen binne. Dat soe moatte yn gearwurking mei de havens fan Hamburg en Antwerpen.
Want in soad kontenerskippen boppe it Waad komme net yn in Nederlânske haven. En dat ynternasjonale aspekt makket it ek dreech om resultaten te heljen, as der allinnich yn Nederlân stranger tafersjoch is op it goed fêst setten fan konteners.

It kin better

Undersyk fan Omrop Fryslân en RTV-Noord hat dúdlik makke dat der hjir noch wol winst te heljen is. De resultaten fan acht wiken ekstra kontrôles troch de Inspectie Leefomgeving en Transport soene sicht jaan kinne op hoefolle winst der noch te heljen is. Dy resultaten binne, ek nei fragen fan Omrop Fryslân, noch net boppe wetter. En der rinne ek noch ûndersiken fan ûnder oare de Onderzoeksraad voor Veiligheid, Justysje, de flachautoriteit fan Panama en de Dútsers. Wat dat oanbelanget, kriget it debat fan tiisdei seker noch in ferfolch.

Optimistysk oer debat Zoe-Ramp

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach is optimistysk oer it oankommende debat yn de Twadde Keamer oer de ramp mei de MSC Zoe. Ferskate bestjoerders út it Noarden, wêrûnder van Gent, binne dêrby. Boargemaster Van Gent hopet dat it net by moaie wurden bliuwt.
"Ik heb er wel verwachtingen van dat ze er serieus op ingaan en dat de minister er ook wat van vindt. Zij heeft een aantal brieven geschreven waarin zij zich ook zorgen maakte over de gevolgen van de MSC Zoe-ramp. Dus ik hoop dat het niet bij mooie woorden blijft, maar dat er ook daden volgen van de Tweede Kamer", seit Van Gent.
Het moet in detail openbaar worden gemaakt, dat je weet wat er aan kan spoelen.
Boargemaster Ineke van Gent oer de frachtbrieven
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dêrby fynt sy ek dat der better tafersjoch komme moat op it fêst setten fan de lading. Ek wol Van Gent graach in systeem foar it trasearjen fan de konteners as it mis giet en iepenbierheid fan de frachtbrieven. "Het moet in detail openbaar worden gemaakt, dat je weet wat er aan kan spoelen."
Se hat der betrouwen yn dat der nei harren lústerje wurde sil. "Wij vragen al tien jaar lang om maatregelen, dus ik hoop dat het nu gaat komen. De tijd van krokodillentranen is voorbij, het wordt nu tijd voor concrete actie", seit Van Gent sûnder omwynsels.
Boargemaster fan Skiermûntseach Ineke van Gent oer it debat