Databank mei histoaryske kaarten no oanfolle mei stêden yn Súdwest-Fryslân en Harns

13 maaie 2019 - 22:41

Wa't noch net sjen koe wêr't harren foarâlden wenne ha, hat no miskien mear lok. De Fryske Akademy hat de databank 'Time Machine' oanfolle mei histoaryske kaarten fan stêden yn Súdwest-Fryslân en Harns.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de databank stiene al histoaryske kaarten, út it tiidrek 1750 oant 1900, fan Snits, Balk, Sleat, De Jouwer, Ljouwert en Dokkum. No binne dêr ek de kaarten fan Boalsert, Harns, Hylpen, Drylts, Starum en Warkum bykaam. Yn de databank kinne je histoaryske ynformaasje oer huzen, bewenners en eigeners online werom fine en dus mooglik ek fan jo foarâlden.

De offisjele lansearring fan de website Time Machine Súdwest-Fryslân/Harns is op tiisdei 28 maaie.

Alle Fryske stêden

Mei de lansearring fan de Time Machine Súdwest-Fryslân/Harns steane alle Fryske stêden en de flekken Balk en De Jouwer yn de Time Machine. De Time Machine is in ûnderdiel fan Redbot, it digitalisearringsprogramma foar kultureel erfgoed fan de provinsje Fryslân.

Ferskate gegevens oer persoanen en perselen binne sammele út âlde belestingregisters, folkstellingen, befolkingsadministraasjes en it kadaster. Dêrnei binne de data oan in lokaasje op histoaryske kaarten ferbûn. Troch in hûs of perseel op de kaart oan te klikken ferskine alle gegevens tagelyk yn byld.

(advertinsje)
(advertinsje)