Súdwest-Fryslân komt mei twadde fêstiging wykeinskoalle

13 maaie 2019 - 21:20

Gemeente Súdwest-Fryslân wol yn neifolging fan de wykeinskoalle yn Snits noch in wykeinskoalle yn de gemeente iepenje. It is de bedoeling dat dy yn de trijehoeke Koudum-Hylpen-Starum komt. Boppedat kriget de fêstiging yn Snits in ekstra klasse.

skoalleboerd - Foto: Shutterstock.com

De wykeinskoalle is foar bern fan 10 oant 14 jier, dy't fan hûs út minder mooglikheden ha om bepaalde fakken better te learen, lykas wittenskip, maatskippij, kultuer en technyk.

De bern gean yn de perioade oktober oant en mei juny ien kear yn de twa wiken op sneintemiddei nei skoalle. "Dankzij de weekendschool wordt het toekomstperspectief van de kinderen beter en ook hun zelfvertrouwen neemt toe", seit wethâlder Stella van Gent.

Sukses

De skoalle yn Snits hie by de start yn de hjerst fan 2018 al gau de klasse fol, mei 26 learlingen. De oanmeldingen bleaune binnen kommen en dat wie reden om no noch in fêstiging iepenje te wollen.

Bern kinne fergees nei de wykeinskoalle. Dêr krije se les fan gastdosinten út it beropsfjild, lykas in karatelearaar, sirkusdirekteur en in wethâlder.

Fan kommend skoaljier ôf sil der yn de trije klassen yn Snits en op de nije lokaasje, yn totaal plak wêze foar 75 learlingen.

(advertinsje)
(advertinsje)