Jong Hearrenfean thús hurd ûnderút tsjin Roda-beloften

De beloften fan SC Hearrenfean ha mei 1-4 ferlern fan de beloften fan Roda JC. Troch it ferlies hellet de ploech út Kerkrade Hearrenfean yn op de ranglist.
Jong Hearrenfean yn in eardere wedstriid © Orange Pictures
Nei in goed healoere kamen de Feansters op efterstân troch in eigen doelpunt. Krekt foar it skoft makke Celestin Djim Ndogo de 0-2.
De ploech út Kerkrade kaam ek better út it skoft, want binnen trije minuten stie it 0-3 troch in goal fan Dico Jap Tjong. In healoere foar tiid koene de Feansters noch wat sjen litte, it wie Elton Kusi dy't de 1-3 makke. Dy goal kaam lykwols te let en tsien minuten foar tiid makke Dico Jap Tjong ek noch de 1-4.
Troch it ferlies hellet Roda de Feansters yn op de ranglist fan Poule B fan de foarjierskompetysje. Roda is earste, Hearrenfean stiet mei twa punten minder op it tredde plak.