Ferfolch op de searje oer de Ljouwerter wyk Wielenpôlle

13 maaie 2019 - 20:39

Hoe is it mei Angela út de Ljouwerter wyk de Wielenpôlle. En hat de jonge Harke út dyselde wyk noch hieltyd in slang as húsdier? Dy fragen hienen de makkers fan it telefyzjeprogramma Typisch Wielenpôlle. Dat programma wie begjin ferline jier te sjen en folge yn ferskate wenwiken yn Nederlân in tal bewenners. Ien dêrfan wie de Wielenpôlle yn Ljouwert.

De Wielenpôlle yn Ljouwert - Foto: Google Streetview

Einredakteur fan de dokumintêre searje fan NPO2, Marieke Rietkerk, fertelt dat se benijd wiene hoe't it no mei de minsken giet dy't se doe folge ha. Yn de Ljouwerter wyk Wielenpôlle binne se begûn mei de searje en dat hat by harren ek it measte yndruk makke. Mei guon minsken ha se kontakt hâlden en no woene se ek graach oan it publyk sjen litte hoe't it mei dy minsken giet.

Foardat se mei de earste searje begûn, ha se ûndersyk dien nei wa't nijsgjirrich is om te folgjen. "Voor televisie is het aardig dat er een ontwikkeling plaatsvindt en zo zijn we naar mensen gaan kijken die we konden gaan volgen. Bij wie staat iets te gebeuren?"

Angela

Ien fan dy minsken wie de Ljouwerter Angela. "Angela was zo open over haar heftige drugsverleden. Ze kon zo goed vertellen waar ze vandaan kwam en dat ze verder wil. Zij heeft zichzelf bij elkaar gepakt en is een opleiding gaan volgen. Dat kon ook best, behalve dat ze geen studiefinanciering meer kreeg. Toen is er een oplossing gevonden voor het financieringsprobleem en het lukt. Die vrouw heeft doorzettingsvermogen, een doel en het lukt. Dat was leuk om te laten zien", fertelt Rietkerk.

Renovaasje

De Wielenpôlle is hielendal renovearre en dat hat net foar elkenien goed útpakt. By Sieb en Petra is de boel oan it fersakjen en sy ha grutte soargen. Mei de ferfolchsearje wolle se graach oan de minsken sjen litte wat der mei elkenien bard is en hoe't it no is.

"In een heel korte tijd kom je dicht bij die mensen. Het maakt niet uit of je in Fryslân of Amsterdam woont. Je gaat van die mensen houden", ferklearret Rietkerk oer wêrom't minsken graach nei de searje sjoen ha."

Einredakteur Marieke Rietkerk oer de searje Typisch Wielenpôlle

Op NPO2 is it programma moandei te sjen om 19.15 oere. Fan moandei oant en mei tongersdei giet it programma werom nei âlde bekenden.

(advertinsje)
(advertinsje)