FIDEO: Otto van der Galiën: "Lagere Lasten Burger skoot eigen prinsipen net oan de kant"

13 maaie 2019 - 19:29

Otto van der Galiën wie moandeitejûn te gast yn It Polytburo. Van der Galiën ferset him tsjin it byld dat syn partij, Lagere Lasten Burger, de foarkar jûn hat oan it plús fan it Wetterskip, en dat it syn eigen prinsipen oan de kant skood hat. Undanks de partijnamme gean de wetterskipslêsten yn Fryslân tsientallen euro's omheech.

Lagere Lasten Burger hie kieze kinnen foar (op 'e nij) fjouwer jier opposysje en keas dus úteinlik foar in plakje op it plús, mar neffens Van der Galiën wurdt der mei syn partij yn it deistich bestjoer wurke oan in sûn finansjeel belied.

Van der Galiën is gjin tsjinstanner fan in ûndersyk nei nut en needsaak fan it wetterskip. As alle ekspertize fan it wetterskip goed te plak komt by de provinsje soe it opheffen neffens him wol in opsje wêze kinne. Boppedat besparret soks frijwat kosten. Tagelyk wiist Van der Galiën der op dat dat wol in grûnwetswiziging freget. Dat nimt tiid, en lanlik is der polityk sjoen op dit stuit net folle animo foar it opheffen fan wetterskippen.

(advertinsje)
(advertinsje)