Geert fileart: De kronkel fan OG Huizum

13 maaie 2019 - 19:00

Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus tink derom!

Foto: Omrop Fryslân Oane Hoekstra

It keatsseizoen is noch mar amper los, of der is al wer in protte geseur en diskusje yn keatslân. Oer OG Huizum en Daniël en Manon. En oer de KNKB en oer Goutum en LKC. Jonges, jonges wat in gedoch de ôfrûne wike. It sûze deroer op de keatsfjilden.

It begûn mei Daniël. Dy waard troch de KNKB op rapport slingere, omdat hy foar OG Huizum keatst hie op de Bangmapartij yn Weidum. Dat mocht net, sa fûn (en fynt) de KNKB. Want Daniël, hy wennet no yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren, falt keatstechnysk sjoen ûnder Goutum. En omdat Daniël mei Manon is, is der ek de fraach oft dy wol foar OG Huizum keatse mei. Sy die it wol en wûn de priis. Afijn, it waard in hiel gedoch.

En sa as it altyd giet yn keatslân: As der wat gedoch is, dan wol eins net in minsk wat sizze. Dus besykje ik it sels mar wat út te finen.

It begûn úteinliks allegear al yn oktober, novimber fan ferline jier. OG Huzum woe fan de KNKB wolris witte oft it ek sa wêze koe dat ynwenners fan bygelyks Suderbuorren (en oare nije Ljouwerter wiken) net better foar Huizum keatse koenen ynstee fan dat sy ûnder Goutum falle soenen.

In legitime fraach. Huzum is úteinliks mear Ljouwert as dat Goutum dat is, hoewol't dy klup fansels ek syn belangen (en opboude rjochten) hat. De KNKB hat dêrop in wike as wat ferlyn (wêrom doe pas trouwens?) in petear organisearre mei de belutsen ferienings en dêr hearde LKC Sonnenborgh as Ljouwerter keatsklup ek by. Yn dat petear hat de KNKB oanjûn dat sy graach wolle dat de ferienings der sels útkomme soenen. De KNKB hie de hoop op in wurkber kompromis.

Mar dat slagge (noch) net, hoewol 't LKC-foarsitter Karel Nijman op persoanlike titel noch wol in kompromis lansearre hat. Dat is neffens Nijman noch yn berie. Der is ôfpraat dat er ferfolchpetearen komme.

Je soenen sizze: kwestje stiet op de wurklist; petearen binnen geande, it spul is yn beweging. En mei de groei fan Ljouwert is it miskien ek wol in goed momint om nochris nei dy postkoadeferdieling te sjen. Al mei al: Huizum hat in punt en oer dat punt wurdt praat. Earste doel berikt.

Mar dan komt ynienen de kwestje fan Daniël op de lapen. Dy't dus keatst foar Huizum en op rapport giet. En dan gean de ynformative hakken yn de grûn. En komme der fragen: Wêrom hat Daniël in adreswiziging stjoerd nei de KNKB? Wêr komt dy ynformaasjekorrektheid ynienen wei? En wêrom stjoert Manon gjin adreswiziging nei de KNKB? En wêrom antwurdet sy net op in fraach oer har wenplak fan de KNKB?

Sa dreech is it dochs net om efkes oan it keatsbûn te mailen wêr't je wenje? En wêrom wol it bestjoer fan OG Huizum gjin antwurd jaan op fragen? Wêrom neamt Daniël dit in 'delikate kwestje'? Wêrom seit Daniël dat hy neat sizze kin en sizze mei? Wêrom seit Daniël op de fraach oft Manon ek yn Suderbuorren wennet: "niks is zeker". Wêrom wol Manon neat sizze? Wêrom lûkt Huizum de saak yn de juridyske sfear troch it oanlûken fan in advokaat? Sjocht dy juridyske kânsen om Huizum oan in grutter gebiet te helpen? Wêrom dizze hast ûnmjitlike heimsinnichheid?

Geandewei krije je de yndruk dat it hjir giet om de Russyske steatsfeilichheid. Mar wêrom?? No komme der in protte spekulaasjes. It giet dochs om in saak dêr't op bestjoerlik nivo al oer praat wurdt? Dêr't al in kompromis oanjûn is? En in saak dy't totaal net kontroversjeel hoecht te wêzen. Mar dy't dat no wol wurdt.

Wêrom makket OG Huizum dizze kronkel? Wat is der sa delikaat oan dizze kwestje? Ik spekulearje mar efkes mei, al hie ik leaver konkrete antwurden hân.

It liket der op dat OG Huizum de saak forsearje wol. En dat der in strategy opset is dy't der ta liede moat dat Manon hoe dan ek de bûnspartij foar Huizum keatse kin (22 juny). By winst (en dy kâns is reëel oanwêzich) hat sy de sa begearde wimpel (it klaverke fjouwer by de froulju) en Huizum de winst op in Bûnspartij.

Daniël fangt bewust de earste klappen op. It kin him net safolle skele dat hy skorst wurdt, want hy keatst dochs net mear op nivo. As de strafkommisje útspraak dien hat, dan giet Daniël yn berop. Om tiid te winnen. En Manon lit sa lang mooglik yn it midden wêr't sy wennet. Boppedat bestiet de mooglikheid dat de jurist fan OG Huizum fynt dat der reglemintêr wat te heljen falt.

Om dat goed toetst te krijen, is der in strafsaak nedich. Undertusken is de KNKB uterst foarsichtich mei de matearje, want sy witte noch fan de kwestje Ilse Tuinenga fan ferline jier. Sy wolle net wer it lid op de noas hawwe, lykas ferline jier by Ilse. Foardat je it witte hawwe je in soarte fan 'Me Too'-kwestje oan de broek.

Ik wit it: hiel gemien tocht, mar dit binne wol de fragen dy't op de keatsfjilden steld wurde. Dy't libje by de minsken dy't it keatsen folgje. Sjoch, ik fyn it prima as Manon foar OG Huizum keatse wol. En ik snap ek dat Huizum har der graach byhâlde wol. En ik haw it ek net sa op al dy rigide regeltsjes dy't de KNKB foar elts 'wissewasje' opsteld hat.

Mar it is op dit stuit noch sa't it is. It is allegear mooglik hiel legitym en seker minsklik wat der no oan de hân is yn dizze kwestje, mar as der út de belutsen partijen wei sa heimsinnich oer dien wurdt, dan is dat foer foar spekulaasje. Sjoch hjir boppe.

Oft dat ferhaal hjirboppe kloppet? Miskien wol. Miskien ek wol net. Ik wit it net. Mar sa komt de saak wol op skerp te stean en dêr hat nimmen baat by. Boppedat is de wei dy't Huizum no giet net echt kollegiaal rjochting Goutum en LKC, dy't beide iepen stean foar goed oerlis.

Yn 1987 hawwe OG Huizum en Goutum ek alris in saak hân dy't in protte argewaasje joech. Jongeskeatser Dirk Jan van der Woud hie yn Goutum net goede maten. Yn Huizum keatste Stephan Kleefstra de stjerren fan de himel. Van der Woud ferhuze nei syn suster yn Huizum, mar troch in administrative flater hie de strafkommisje úteinliks dochs de stôk om de hûn te slaan. Van der Woud krige fiif wedstriden skorsing, wêrûnder De Freulepartij! Hy wurdt der noch wol ris swittend wekker fan. Ek Kleefstra keatste de Freule net. Mei oare wurden: allinnich mar ferliezers. Dat soe yn dizze kwestje eins net barre moatte.

Dus: OG Huizum, Manon, Daniël, KNKB: Lear fan it ferline en doch wat de foarsitters fan Goutum en LKC dogge. Fertel gewoan efkes wat der spilet en wês transparant. It besparret jimsels en de keatswrâld in protte rabberij en achterklap. En it soe yn stee fan ferliezers winners opsmite kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)