Sportoersjoch: Nyck de Vries, SC Hearrenfean, SC Cambuur, fierljepper Thewis Hobma

13 maaie 2019 - 17:56

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

Wy binne trije wykeinen ûnderweis mei it Formule 2 sirkus. De Formule 2 is in opstapke nei de Formule 1. Foar Nyck de Vries út Twellegea is it syn tredde seizoen yn de F2. Hy jildt as ien fan de topfavoriten. Yn Barcelona pakte hy snein syn earste oerwinning yn de Formule 2.

SC Hearrenfean hat snein mei 2-1 wûn fan degradant NAC Breda. It is de earste oerwinning fan ynterim-trainer Johnny Jansen. It is no de fraach oft Johnny Jansen oanbliuwe sil as haadtrainer.
Fierder giet it by SC Hearrenfean foaral oer ôfskied nimmen. Acht spilers waarden útswaaid, wêrûnder Stijn Schaars, Kik Pierie en Doke Schmidt. Mar der is kâns dat der mear spilers Hearrenfean ferlitte sille.

Cambuur komt tiisdei wer yn aksje foar de weromwedstriid yn de earste ronde fan de play-offs. Tsjinstanner is Almere City, dêr't se freedtejûn thús tsjin lyk spilen: 2-2. Foarútsjoen op takom seizoen mei nije trainer Henk de Jong, wat sil der ûnder De Jong feroarje?

Opmerklik dizze wike: fierljepper Thewis Hobma kin it dochs net litte en plakt der noch in jier oan fêst. Dit wykein begjint it fierljepseizoen wer, mei de earste wedstriid yn Bûtenpost

Judoka Sanne Vermeer út Stiens kaam yn aksje yn Baku by de Grand Prix wedstriid. Yn 'e striid om it brûns stie sy tsjinoer in âlde bekende.

As lêste it keatsen yn Stiens. It trio Gert Anne van der Bos, Taeke Triemstra, Tjisse Steenstra, wûn op 'e nij.

(advertinsje)