Twadde Keamer praat tiisdei oer MSC Zoe: CDA pleitet foar koördinaasje frijwilligers

13 maaie 2019 - 17:32

De ynset fan frijwilligers by it opromjen fan de kontenertroep fan MSC Zoe yn jannewaris wie moai, mar de koördinaasje fan dy ynset wie fier fan optimaal. Soks moat better regele wurde, fyn it CDA yn de Twadde Keamer.

Foto: Laura Conijn / ProNews

Twadde Keamerlid Maurits von Martels (CDA) komt tiisdei by it debat oer MSC Zoe yn Den Haag mei in moasje om dit better te regeljen.

"Vrijwilligers dienden zich massaal aan, ze dragen het waddengebied een warm hart toe, maar er was geen leiding, er was onvoldoende coördinatie. We moeten leren van fouten en dingen in de toekomst beter regelen. In onze motie willen pleiten we voor goed gestructureerd management. Bij een bestrijdingsplan moet we ook de rol van de vrijwilligers opnemen en er moet worden geoefend."

Hy ferwachtet dat de moasje op romme stipe rekkenje kin, binnen de eigen fraksje en ek D66 en ChristenUnie ha tasein de moasje te stypjen.

"Een ander idee is om zo'n ramp te voorkomen in de toekomst door met slimme containers te werken die gechipt zijn en te volgen zijn met track and trace en waarvan bekend is wat de inhoud is. Want dat is nu ook nog steeds niet duidelijk. En waarom vaart zo'n schip met een diepgang van 16 meter zo dicht langs de lust, dat is onverantwoord. Er moet meer regie bij Rijkswaterstaat komen."

Neffens him moat de minister yn it debat mei tasizzingen komme oer hoe't soks yn de takomst organisearre wurde moat. "Het zal niet het laatste debat zijn, want de Onderzoeksraad voor Veiligheid moet nog met zijn bevindingen komen."

Twadde Keamerlid Maurits von Martels

(advertinsje)