Steuringen brêge by Skûlenboarch lykje oplost

13 maaie 2019 - 17:31

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Skûlenboarch hat kueren. De lêste dagen wiene der geregeld steuringen wêrtroch't de brêge net hielendal ticht kin. De bomen bliuwe dan ticht en it ferkear moat omride. Dat wie moandei ek wer sa. Doe is de brêge hielendal iepen set, sadat it skipsferkear wol trochgean kin.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Neffens de minsken dy't oan it wurk binne by de brêge, lykje de problemen no definityf oplost. Net elkenien is dêr wis fan. Ien fan de omwenners seit dat der hast elke moanne wol problemen binne mei de brêge en kin it ferkear der dan net del. "Dan moatte se oant wol fiif kilometer omride of fytse."

Neffens de man ha se nei't de brêge restaurearre is, it net hielendal goed oanpakt en is de brêge yn ûnbalâns rekke. "Ik hoopje dat it no foar inoar is, mar ik ha der net sa fertrouwen yn."

(advertinsje)
(advertinsje)