Ljeppers ljeppe om earste priis yn 'Wedstriid fan de Wike'

13 maaie 2019 - 17:20

It keatsen is goed twa wiken lyn úteinset en no komt de twadde Fryske sport dêr ek by. It fierljepseizoen begjint oankommende sneon op de skâns yn Bûtenpost. Omrop Fryslân kin fansels neat oars as dat duel bombardearje ta 'Wedstriid fan de Wike'.

It wurdt in nijsgjirrich fierljepseizoen, sa wit sportferslachjouwer Andor Faber. "Nard Brandsma kin him it boarst wiet meitsje, want Thewis Hobma dy't ophâlde soe, giet dochs troch mei ljeppen. En wat te tinken fan de twadde klasse by de froulju, dêr't âld-kampioenen Marrit van der Wal en Anna Jet Leijenaar wer begjinne mei ljeppen."

Middeis om 14.30 oere set de twadde klasse útein mei it seizoen en jûns om 19.00 oere binne de earsteklassers oan bar.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'.

De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)