Wetterskip begûn mei opknappen 'Timpeltsje fan Ids'

13 maaie 2019 - 16:37

Wa't dizze dagen lâns it timpeltsje fan Ids Willemsma op de Waadseedyk by Marrum kaam is, moat it opfallen wêze: it keunstwurk is keal. As tarieding op in opknapbeurt hat Wetterskip Fryslân it gers en de grûn fan it dak helle.

De rust is oeral te sjen - Foto: Jeroen Boersma, Omrop Fryslân

De opknapbeurt sels begjint ein dizze moanne, oanlieding binne rustplakken dy't oan de ûnderkant fan it stielen dak sitte. De kommende fjouwer wiken sil al it stielwurk skjinmakke wurde en foarsjoen wurde fan in nije coatinglaach. Ek wurde de tolve stielen pylders dêr't it dak op leit opnij laske. Dêrnei komt de beklaaiïng fan it dak werom: in tachtich ton swiere laach grûn en gers.

Nei de opknapbeurt moat it timpeltsje wer fiifentweintich jier meikinne. It keunstwurk fan Ids Willemsma kaam op de Waadseedyk as oantinken oan it op hichte bringen fan 66 kilometer seedyk. Dat wurk begûn yn 1963 en wie tritich jier letter klear.

Foto: Fedde Mulder

Tresoar hat oant en mei 1 septimber in tentoanstelling oer Willemsma. De tentoanstelling 'IDS! sjen sjoch sjoen' is te sjen yn Obe yn Ljouwert. By de tentoanstelling hat Tresoar de hiele simmer ek in programma mei lêzingen en oare aktiviteiten oer en mei Ids Willemsma.

(advertinsje)