Rjochtbank: twa blokkearfriezen hoege gjin DNA-materiaal ôf te stean

De ôfname fan DNA-materiaal by twa blokkearfriezen wie net terjochte. Dat seit de rjochtbank yn Ljouwert. De twa blokkearfriezen hiene beswier makke tsjin de ôfname fan DNA-materiaal, sa't justysje fan har ha woe, omdat se foar in fergryp feroardiele binne.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De twa hiene mei in groep de A7 blokkearre by De Jouwer om sa anty-Swarte Pytdemonstranten tsjin te hâlden dy't ûnderweis wiene nei de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum.
Fan har binne 33 ta taakstraffen feroardiele en se moasten dêrom ek DNA-materiaal ôfstean. Guon fan har ha dêr beswier tsjin oantekene. De rjochter jout dizze twa no gelyk, omdat it net giet om in misdriuw dêr't selmateriaal in rol spilet by de opspoaring.
Sân oare blokkearfriezen ha ek mei sukses in beswierskrift yntsjinne tsjin de ôfname fan DNA-materiaal.