'Edukaasjemeter' helpt jongeren yn Fryske Wâlden mei skoaldiploma

13 maaie 2019 - 15:58

Hieltyd minder jongeren yn de Fryske Wâlden geane fan skoalle sûnder diploma. Dat docht bliken út it jierferslach fan de learplichtamtners fan de sân gemeenten yn de Fryske Wâlden, it giet dan ûnder oare om Achtkarspelen, Hearrenfean, Smellingerlân en Weststellingwerf.

Foto: Omrop Fryslân

De sifers dêr wike ôf fan de lanlike trend dat krekt hieltyd mear jongeren sûnder diploma fan skoalle gean. De gemeenten yn de Fryske Wâlden wurkje ûnder oare mei in 'edukaasjemeter', in test dy't jongeren ynsjoch jout yn har talinten, persoanlike kenmerken en belangstelling foar beroppen. Omdat der dêrtroch foar in mear passende oplieding keazen wurdt, meitsje jongeren dy ek faker ôf.

Eric ter Keurs, wethâlder yn gemeente Smellingerlân, seit dat de jongerein in spegel foarhâlden wurdt. "Hiermee zet je ze op een goed spoor en kiezen ze bewust voor een opleiding. We hopen dat schoolverlaters zo terugkomen in het onderwijs, want het ging de laatste jaren de verkeerde kant op."

Ter Keurs merkt dat jongerein faak hearren wat se net kinne yn stee fan wat se wol kinne. "We hebben nu een instrument in handen wat heel goed werkt en een goede samenwerking tussen gemeenten en scholen."

(advertinsje)
(advertinsje)