Ferwûne by ûngelok op 'beruchte' krusing Damwâld

Op it 'beruchte' nije krúspunt yn Damwâld is moandeitemiddei in fytser ferwûne rekke nei in botsing mei in auto. De fytser kaam fia it foarrút fan de auto op de grûn telâne.
© De Vries media
It ûngelok barde op de krusing fan de Haadwei mei de Doniawei en de Foarwei. It is in beruchte krusing yn Damwâld. De helptsjinsten wiene gau te plak en ha de fytser behannele en oerbrocht nei it sikehûs. Hoe't it ûngelok krekt barre koe is net bekend.