Douwe Gerlof Heeringa oer Eurovisie Songfestival: "Kâns op winst hat noch noait sa grut west"

13 maaie 2019 - 15:48

Dizze wike kinne we der hast net om hinne: it is de wike fan it Eurovisie Songfestival. En mei Duncan Laurence hat Nederlân der yn jierren net sa goed foar stien, alteast by de bookmakers. Syn 'Arcade' is populêr. It sjongfestival hat in soad fans oer de hiele wrâld en dêr sitte ek Friezen by. Ien fan de grutste fans is de Fryske Douwe Gerlof Heeringa.

Foto: ANP

Douwe Gerlof Heeringa giet sels nei Israel ta om foar it earst live by it festival te wêzen. "Ik bin wol in grutte fan ja, en folgje it al in skoftke. By de útstjoeringen op telefyzje is it altyd in feestje en komt der in soad muzykkennis foarby. Myn leafde foar it sjongfestival hat mei de muzyk te krijen. Ik bin in grut muzykleafhawwer en ha in brede smaak. Minsken binne soms kritysk oer de muzyk, fine it clownesk, hilarysk of hystearysk, mar yn de ôfrûne jierren hat it festival gemiddeld wol goede muzyk brocht."

Wurdt Nederlân nûmer ien?

"De kâns dat we winne, hat noch noait sa grut west. Alhoewol, yn 1989 stie Justine Pelmelay ek hiel heech by de bookers, mar har lêste noat wie net suver. Dat wie spitich. Ik tink echt dat Nederlân no winne kin. Foar de publyksstimmen binne we ôfhinklik fan de lotting. Tusken watfoar oare acts komt dit gefoelige nûmer? By de sjuery, dy't de oare helte fan de punten takent, sit it wol goed. De kritiken binne loovjend oer it ferske en oer de sjongkeunsten."

Douwe Gerlof Heeringa

Tiisdei is de earste heale finale, tongersdei de twadde finale en dan moat Duncan ek spylje. De finale is sneon 18 maaie.

(advertinsje)
(advertinsje)