HEA! Stille merke yn Stiens

13 maaie 2019 - 15:00

In merke mei felle knipperljochten, lûde muzyk en rap draaiende attraksjes jout foar guon minsken mei in beheining tefolle prikkels. Spesjaal foar harren is der yn Stiens in pear oeren in saneamde 'stille merke' organisearre. Alle attraksjes steane wat suniger en de muzyk is wat minder lûd. En der is foar elk in oaljekoek. De kliïnten fan Talant út Stiens genietsje folop.

Trefwurden: 
Hea! Talant Stiens stille merke
(Advertinsje)
(Advertinsje)