Skea nei brân troch waskdrûger yn Drachten

13 maaie 2019 - 14:54

De brânwacht hat moandeitemiddei yngripen moatten by in brân oan de Hooizolder yn Drachten. Yn in hûs fleach in waskdrûger yn 'e brân. De wente is swier skansearre rekke.

Foto: De Vries media

De brânwacht hat it fjoer dwêste en dêrnei de waskdrûger út de wenning helle. De wenning stie ek fol mei reek, de brânwacht sil it hûs fentilearje.

De bewenners fan it hûs, wêrûnder in jong bern, binne troch ambulânse meiwurkers behannele.

Trefwurden: 
Drachten brân waskdrûger
(Advertinsje)
(Advertinsje)