Cambuur tiisdei nei Almere foar return: "Uit een ander vaatje tappen"

Der sil tiisdei besletten wurde oft Xavier Mous keepe kin by SC Cambuur. De Ljouwerters spylje dan de return yn de play-offs tsjin Almere City. Freed einige it earste duel yn it Cambuurstadion yn 2-2, dus de ploech fan trainer René Hake sil tiisdei winne moatte of heech lykspylje (3-3, 4-4, ensfh.) om de folgjende ronde te berikken.
© Omrop Fryslân
It is noch altyd de boppeskonk dy't Mous dwers sit. It is sa slim dat it der freed foar soarge dat hy net spylje koe, mar foar tiisdei hat de keeper goeie hoop. "Het voelde allemaal oké en ik ben uit voorzorg naar binnen gegaan. Het is nu afwachten wat de reactie is. Ten opzichte van donderdag gaat het zeker beter, maar het blijft een spierblessure en dat is lastig inschatten. We hakken dinsdag de knoop door", fertelt Mous. Oars sil, lykas freed, Pieter Bos op doel stean.
Xavier Mous

Oertsjûging

It goeie nijs is dat der, njonken Mous, hast gjin blessueres binne fierder. Hake kin dus mei in fitte groep nei de wedstriid fan tiisdei tawurkje. Nettsjinsteande dat in soad spilers foar it earst play-offs spylje, kin de trainer ûnder de spilers net fernimme dat der ekstra spanning op stiet. "De groep straalde overtuiging uit, ondanks de moeizame wedstrijd van vrijdag. Maar met één goal maken of met één doelpunt verschil winnen, zijn we gewoon door. De afgelopen wedstrijden hebben we laten zien dat we daartoe in staat zijn. Het gaf mij een heel goed gevoel dat de spelers dat uitstraalden."
Wol sil Hake syn spilers bewust meitsje dat it begjin fan de wedstriid better moat. Dat wie freed sawol yn de earste as de twadde helte net goed. "Maar dat is niet het enige", sa seit Hake. "Aan de bal waren we ook onrustig. Ik vind dat wij in positiespel betere wedstrijden hebben gespeeld dan vrijdag. Daar moeten we naar terug. Dat zullen we dinsdag ook beter moeten doen."
René Hake

Nije klup foar Hake?

Hoe't de takomst fan René Hake derút sjocht, is noch net wis. Syn kontrakt by Cambuur rint ôf en dus sil hy de klup nei dit seizoen ferlitte. "Er speelt wel wat", sei de trainer moandei. Op de fraach wát der dan krekt spilet, woe Hake gjin antwurd jaan. "Dat horen jullie wel als het rond is en dat is het nu nog niet."
René Hake © www.orange-pictures.nl
Oanfaller Kevin van Kippersluis makket him net te drok oer de twadde wedstriid tsjin Almere City. "Het is mijn zesde jaar op rij dat ik play-offs speel, dus er is geen extra spanning." Dat Cambuur better begjinne moat oan it duel, dat stiet ek foar Van Kippersluis boppe wetter. "We hebben vrijdag wisselvallig gespeeld. We moeten uit een ander vaatje tappen om door te gaan. Maar als wij in de 89ste minuut de 0-1 maken, dan hoor je mij niet over hoe wij gespeeld hebben hoor."
Kevin van Kippersluis
As Cambuur yn de wedstriid tsjin Almere City wint of mei hege sifers lykspilet, dan geane de Ljouwerters troch nei de folgjende ronde. Dan wurdt snein de thúswedstriid spylje en is yn dy wike dêrnei de return. Sa as it no stiet, is De Graafschap fan trainer Henk de Jong dan de tsjinstanner.
De wedstriid tusken SC Cambuur en Almere City begjint tiisdei om 20.45 oere. Fansels is it live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma. Dat begjint om 20.30 oere. Andor Faber fersoarget it ferslach út Almere wei.