Fierljepper Thewis Hobma giet dochs troch

13 maaie 2019 - 13:33

Thewis Hobma (35) út Harns naam ferline jier ôfskied fan it fierljeppen. Mar fan 't winter begûn it dochs wer kribeljen. En dus stiet de âld-Frysk en Nederlânsk kampioen fan 't simmer wer op 'e skâns.

Om't er it dochs net litte kin, plakt Thewis Hobma noch in jier oan syn fierljepkarriêre fêst. De Harnzer ljepte ferline jier ien fan syn bêste seizoenen, mar mist noch ien ding: in 21-meter sprong. Syn persoanlik rekôr stie sûnt 2010 op 20.83 meter en levere him doe de Fryske titel op.

Jierrenlang kaam Hobma net fierder, oant ferline jier. Doe sprong er 20.90 meter yn It Heidenskip. Yn oerlis mei frou en bern hat Thewis Hobma fan 't winter de knoop trochhakt. Noch ien kear alles út 'e kast foar de ultime sprong.

Thewis Hobma

Thewis Hobma - Foto: Martin de Jong
Trefwurden: 
Thewis Hobma fierljeppe
(advertinsje)
(advertinsje)