Plan foar arbeidsmigranten yn Waadhoeke: ekstra húsfêsting yn bûtengebiet

13 maaie 2019 - 13:03

Om de arbeidsmigranten yn de gemeente Waadhoeke opfange te kinnen, moat der ekstra húsfêsting komme yn it bûtengebiet. Dat stiet yn it foarstel dat in wurkgroep moandei presintearret oan de gemeente.

De besteande regel yn de gemeente is dat it tal wenten foar keamerferhier yn ien strjitte net heger wêze mei as 10 persint. Wat de wurkgroep oanbelanget, bliuwt dy regel bestean. Mar om't der dan net genôch romte is foar de arbeidsmigranten, moat dy ekstra húsfêsting der komme.

Húsfêsting yn it bûtengebiet soe komme kinne yn de buert fan de bedriuwen dêr't de minsken wurkje. Yn de gemeente wolle se perfoarst gjin grutskalige opfang, dus in 'migrantehotel' foar in pear hûndert minsken krijt gjin stipe. De opfang yn it bûtengebiet soe beheind bliuwe moatte ta lokaasjes dy't geskikt binne foar sa'n 50 arbeiders, stiet yn de foarstellen fan de wurkgroep.

Foto: Omrop Fryslân

It is lykwols noch net samar regele, want it bestimmingsplan fan Waadhoeke foarsjocht noch net yn sokke húsfêstingsplakken. En dat is net de iennige tûkelteam, want ek it streekplan fan de provinsje Fryslân biedt gjin romte foar it foarstel fan de wurkgroep. Op it stuit ûnderhannelje CDA, PvdA, FNP en VVD lykwols oer in nij kolleezje fan Deputearre Steaten yn de provinsje. "In moai momint om sa'n probleem op tafel te lizzen", seit ferslachjouwer Onno Falkena. "Dizze kwestje is ien fan de ûnderwerpen dêr't de partijen oer oan it stoeien binne."

Het is super dat mensen vanuit verschillende perspectieven en met verschillende belangen met elkaar aan tafel hebben gekeken.

PvdA-Europarlemintariër Agnes Jongerius

PvdA-Europarlemintariër Agnes Jongerius (PvdA), dy't oan it kampanjefieren is yn Waadhoeke, is bliid mei de wize wêrop't de foarstellen ta stân kaam binne. "Het is super dat mensen vanuit verschillende perspectieven en met verschillende belangen met elkaar aan tafel hebben gezeten", seit se. Jongerius is yn it Europeesk Parlemint spesjalisearre yn problemen mei wurkers oer de grins. Se wol graach witte hoe't soks hjir oplost wurdt.

"Mensen hebben hier niet met hete koppen tegenover elkaar gestaan", seit Jongerius. "Ze hebben samen aan tafel gezeten: de uitzendbureau's, de werkgevers en de mensen die hier wonen. Zij komen nu met een gezamenlijk voorstel, waarvan ik zou zeggen: neem dat heel serieus."

Stipe út Brussel wei

Ut Europa wei kin Waadhoeke eventueel ek op stipe rekkenje. "Brussel heeft middelen beschikbaar voor sociale infrastructuur", fertelt de PvdA-politica. "Het is een werknemersrecht om elders je boterham te verdienen. Brussel wil dat in goede banen leiden." Der binne dus noch wol wat provinsjale en gemeentlike regels dy't de foarstellen yn it paad steane. "Ik ken de mensen hier nu, we houden contact", seit Jongerius ta. "Bijvoorbeeld als het een kwestie is van regels die weg moeten of om fondsen beschikbaar te stellen."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ferslachjouwer Onno Falkena en PvdA-Europarlemintariër Agnes Jongerius

Paul de Cock fan Doarpsbelang Easterbierrum

(advertinsje)
(advertinsje)