FVC fiert jubileum mei fototentoanstelling foar it goede doel

13 maaie 2019 - 13:01

De Ljouwerter fuotbalferiening FVC hat it 100-jierich bestean fierd mei ferskate festiviteiten, wêrûnder in fototentoanstelling.

Foto: FVC

Op de fototentoanstelling wienen mear as tûzen foto's fan FVC troch de jierren hinne te sjen. De ynliste foto's koenen minsken ek keapje. Dy aksje hat goed 5.300 euro opbrocht foar it goede doel. Dat doel is de Stichting Evi, dat fûnsen werft om âlden soargeleas foar harren berntsje mei kanker soargje te litten.

Neist in reüny foar leden en âld-leden is der ek in boek útbrocht oer fuotbalklup FVC.

(advertinsje)
(advertinsje)