Young Leaders rolmodellen foar jongerein yn doarpen

13 maaie 2019 - 12:15

Jongeren yn Eaststellingwerf, dy't in training folge hawwe, organisearje aktiviteiten tsjin de ferfeling. As Young Leaders mei in diploma wolle se in rolmodel wêze foar oare jongerein yn ferskate doarpen.

In nije groep Young Leaders yn Eaststellingwerf krige nei tsien workshops in sertifikaat. By dit pedagogysk aktivearinsprogramma moasten se sels ek in aktiviteit organisearje. Sneon wie de earste: in sportdei en in feest yn Easterwâlde.

Mei it Young Leaders-projekt tinkt de gemeente Eaststellingwerf oerlêst fan jongeren foar te kommen. Mar ek dat har talint ûntwikkelet en dat der wat te dwaan is yn de doarpen foar jongeren.

Boargemaster Oosterman op besite by sportdei Young Leaders - Foto: Ronnie Porte

Eaststellingwerf docht as iennige Fryske gemeente mei oan it projekt. Ek yn Haulerwyk binne Young Leaders oplaat en aktyf. Sa soene se oeral yn de doarpen rolmodellen foar leeftiidsgenoaten wurde moatte.

De Pleatslike Belangen binne bliid mei de Young Leaders. Dy hoopje dat der sa in kweekfiver ûntstiet fan jongeren dy't meiprate en mei-organisearje wolle. Young Leaders sille de kommende tiid mear te sjen wêze yn de doarpen. De organisaasje fan de sportdei ferrûn sneon goed.

Ferslachjouwer Ronnie Porte seach by de sportdei

Kyomi Groenhart organisearret sportdei - Foto: Ronnie Porte
(advertinsje)