Ballonfarder liicht oer eigen gewicht en krijt dikke boete

13 maaie 2019 - 11:41

In 37-jierrige ballonfarder út Jiskenhuzen hat in boete fan 7500 euro krigen, omdat er fleach sûnder jildige medyske ferklearring. Dy krige er net fan de keuringsdokter, omdat de man te swier wie en earst gewicht kwyt moast. Om toch de loft yn te kinnen, ferfalske de man in âlde ferklearring.

Dêrmei gie de ballonfarder neffens de offisier fan justysje mear as hûndert kear de loft yn. De man sels seit dat it mar 45 kear wie. Neist de boete hat de man ek in wurkstraf fan 80 oeren oplein krigen. Earder krige er al in boete om't er te leech fleach. Yntusken is de man ôffallen en hat er wol in jildige medyske ferklearring.

Foto: ANP Foto
Trefwurden: 
Jiskenhuzen ballonfarder
(advertinsje)
(advertinsje)