Replika fan Stirling Motor te sjen op útstalling oer Johannes Wardenier

13 maaie 2019 - 11:39

Wie Johannes Wardenier in 'fantastisch genie' of in 'geniaal fantast'? Dy fraach stiet sintraal yn de tydlike tentoanstelling oer Johannes Wardenier.

Foto: Omrop Fryslân

Johannes Wardenier (1912-1960) ûntwikkele yn 1934 in brânstofleaze motor. Hy wie doe 22 jier. Koe hy mei inkeld legere skoalle as oplieding mei syn útfining de wrâld op de kop sette? Yn Wolvegea soe in fabryk komme moatte, dêr't 13.000 minsken wurkje koene, mar it hiele feest gie net troch. Wardenier waard yn in klinyk pleatst om't er kranksinnich wêze soe.

Yn de útstalling is in replika fan in Stirling Motor te sjen en in tal 'brânstofearme motoaren' fan Ben Geuskens en Jan Vink.

De tentoanstelling iepenet tongersdei 17 maaie en duorret oant en mei 1 july en is yn mfc Hoogthij yn Steenwijkerwold.

Lêsten is ek in boek ferskynd oer Wardenier en der komt ek in foarstelling oer him.

(advertinsje)
(advertinsje)